Wigle fan Aytta

Viglius
Portret troch Frans Pourbus de Aldere

Wigle fan Aytta fan Swichum, út it Frysk latinisearre ta Viglius ab Aytta Zuichemus (Barrahûs, 19 oktober 1507Brussel, 8 maaie 1577) wie in foaroansteand Nederlânsk steatsman, dy't benammen as rjochtsgelearde grutte namme makke hat. Hy wie in treflik legist en benammen in fûleindich ferdigener fan it katolisisme, mar ek Humanist yn de styl fan Erasmus, dy't er persoanlik koe.


Developed by StudentB